#59 De man mei it loftgitaar

René Geertsma (1965-2026) út Burgum wurke by Back BEKO as sjauffeur en magazynmeiwurker. Hy miste dêr gjin dei, wie noait siik. Syn libben bestie út moaie perioaden, mar ek mindere tiden kamen foarby. De lêste twa jier wiene moai. ‘Dat hie langer moatten, heit’, seine de bern. It mocht net sa wêze.