/
RSS Feed
Piet Boschma (1955-2023) krig’ op syn 10e syn earste dowen. Doe’t er as jongfeint fekansjewurk die by in oannimmer boude hy in dowehok yn de tún. Der wisten syn âlders neat fan, dy wiene op fekânsje. At Piet slim siik wurdt nimt syn soan de soarch foar de dowen oer. ‘It is sa’t it is’, sei Piet doe’t er hearde dat er net mear better wurde soe. Noch foar de simmer begûn, moasten syn frou, bern en pakesizzers ôfskied fan him nimme.
#12 De doweman