

/
RSS Feed
Yn 2018 sei Berend Bakker (1920-2021) dat er de iennichste Balkster yn Talmahiem (Balk) wie, alhoewol hy self yn Rúgahúzen berne is, fielde hy him wol in Balkster. Hy trouwde yn 1944 mei syn Rints en sy krigen 6 bern. It hat knap lestich west om de holle boppe wetter te hâlden. Berend wurke op de súvelfabryk en mei de bern hie er allehande bybaantsjes. Der wie ek tiid om te spuljen en Berend mocht graach fiskje. Oan it wetter koe er noch ris prakkisearre oer it libben. Hy wie der fan oertsjûge dat it libben foar ús útstippele is. Op de dei dat er 101 wurde soe, wie syn rouwtsjinst.
#50 ‘De iennichste Balkster..’