Hiltje Kramer-van der Wal (1935-2025) is berne yn Boarnburgum en ferhúze op har 34e nei Molkwar. Der waard se boer mei har man Klaas. Se hiene it goed mei harren trije bern op ‘e pleats. Yn 1988 ferlear Hiltsje har
Jappie Brouwer (1944-2024) rûn yn Bontebok lâns de doarren mei kofje en tabak. Doe’t er by Annie oanbelle, moast er laitsje. ‘Der is net ien thús’ sei se. ‘Mar, do bist der toch?’, antwurdde hy. It wie yn 1958. Tegearre
Rappie van der Heide-de Boer (1935-2023) liet it waskjen de lêste jierren oan har dochter oer. ‘Mar tink der om’, sei se, ‘der moat al wat Vanish by’. Se rûn der sels altyd kreas by, ek al wiene der perioades
Geert Wiekel (1933-2024) emigrearre op syn 17e mei syn âlders nei Austraalje. Fiif jier letter kaam er werom. Hy waard bussjauffeur, in noflike bussjauffeur. Krekt as yn Austraalje rjochtte hy ek yn Aldemardum in fuotbalklub op: VV NOK. 58 jier
Hinke Folkertsma-Boersma fan Starum (1946-2024) makke nochal wat tsjinslagen mei yn it libben. Mar altyd bleau se fertrouwen op it goede. Se groeide op yn Laaksum, ferhúze as famke fan 11 nei Warns en wenne sawat 60 jier yn Starum.
Frou Geertje de Jong-van der Wal (1939-2023) woe wól mei it fleantúch nei Gran Canaria, mar dan moast der ál in blik brúne beannen mei. Earder giene sy en har man mei beide bern noait fierder as in oere fan