#56 Silent key PA3DIW

Gerben Kijlstra (1947-2025) hie neist syn wurk as direkteur fan Kijlstra Ambulancezorg in hiele protte hobby’s: ‘zendamateur’. fleane, muzyk meitsje, motorride, farre, kampeare en mear. Hy genoot fan it libben, tegearre mei syn frou Janny, de bern en bernsbern. Alle freedtejûnen wie it Sjineeske freed by de Kijlstra’s. Dan iten en dronken se mei elkoar […]

#55 Net seure, mar sjonge

Pieter Jongstra (1947-2025) fan Warns mocht graach sjonge. Doe’t er yn 2005 stoppe mei it leanbedriuw hie er der mear tiid foar. Hy makke muzyk yn syn eigen muzykromte en naam lieten op. Der koe er yn de auto dan wer fan genietsje. Hy song by it Warnser koar ‘Net seure, mar sjonge’. Doe’t we […]

#54 Mem en beppe út tûzenen

Siepie Radsma-Post (1931-2025) út Balk hie nea tocht dat se sá âld wurde soe en sá ryk bedield: fjouwer bern, seis beppesizzers en fiif oerbeppesizzers. Se wie leaf en beskieden. Har suske hie in flotte babbel en dertroch kaam se mei Jan Radsma út Bakhúzen yn de kunde. Jan en Siepie hiene tegearre de bakkerij […]

#52 ‘Bealgje en der foar gean’

Lex Buwalda (1936-2025) wenne syn libben lang yn Balk. Syn wurk as skilder brocht him de wrâld yn. Fanôf syn 14e earst yn Balk, doe Bakhúzen, Snits, Almere en Amsterdam. Hy hat hiel wat húzen behongen, koe twa op ien dei dwaan. Lex mocht graach fuotbalje, mar wie mar in hiele gewoane fuotballer. Bealgje en […]

#45 Bewûnderensweardich

Hiltje Kramer-van der Wal (1935-2025) is berne yn Boarnburgum en ferhúze op har 34e nei Molkwar. Der waard se boer mei har man Klaas. Se hiene it goed mei harren trije bern op ‘e pleats. Yn 1988 ferlear Hiltsje har man. Tegearre mei harren soan Jerry sette se de pleats troch. Se naam har foar […]

#39 ‘Do bist der toch?’

Jappie Brouwer (1944-2024) rûn yn Bontebok lâns de doarren mei kofje en tabak. Doe’t er by Annie oanbelle, moast er laitsje. ‘Der is net ien thús’ sei se. ‘Mar, do bist der toch?’, antwurdde hy. It wie yn 1958. Tegearre ha se in protte meimakke: se krigen twa bern, Harold út Jakarta en Peggy út […]

#38 De wytste wask

Rappie van der Heide-de Boer (1935-2023) liet it waskjen de lêste jierren oan har dochter oer. ‘Mar tink der om’, sei se, ‘der moat al wat Vanish by’. Se rûn der sels altyd kreas by, ek al wiene der perioades yn har libben dat der net folle jild wie. Froeger wie der gjin boartersguod foar […]

#37 Fan Austraalje nei Aldemardum

In memoriam meneer Wiekel, Oudemirdum

Geert Wiekel (1933-2024) emigrearre op syn 17e mei syn âlders nei Austraalje. Fiif jier letter kaam er werom. Hy waard bussjauffeur, in noflike bussjauffeur. Krekt as yn Austraalje rjochtte hy ek yn Aldemardum in fuotbalklub op: VV NOK. 58 jier wie er frijwilliger, álle dagen wie er by de fuotbalklub te finen. Krekt 6 wike […]

#31 Sinne, skaad en stoarmen

Hinke Folkertsma-Boersma fan Starum (1946-2024) makke nochal wat tsjinslagen mei yn it libben. Mar altyd bleau se fertrouwen op it goede. Se groeide op yn Laaksum, ferhúze as famke fan 11 nei Warns en wenne sawat 60 jier yn Starum. Se wie eigner fan café Kek, oan de Schans. Se krig’ twa bern, 7 beppesizzers […]

#27 Brúne beannen yn ‘e koffer

Frou Geertje de Jong-van der Wal (1939-2023) woe wól mei it fleantúch nei Gran Canaria, mar dan moast der ál in blik brúne beannen mei. Earder giene sy en har man mei beide bern noait fierder as in oere fan hús, sa koene se healwei de fekânsje werom foar de tún. Yn dizze podcast neist […]