
/
RSS Feed
Gerben Kijlstra (1947-2025) hie neist syn wurk as direkteur fan Kijlstra Ambulancezorg in hiele protte hobby’s: ‘zendamateur’. fleane, muzyk meitsje, motorride, farre, kampeare en mear. Hy genoot fan it libben, tegearre mei syn frou Janny, de bern en bernsbern. Alle freedtejûnen wie it Sjineeske freed by de Kijlstra’s. Dan iten en dronken se mei elkoar en makken muzyk, dêr seach elkenien nei út. Nei in heupoperaasje yn 2022 wie Germ beheind en kaam yn in rolstoel. Hy wie noch folop ‘zendamateur’. Op 22 augustus kaam de koade ‘silent key’ foar syn call, dat betsjut: dizze stjoer-amateur is net mear..
#56 Silent key PA3DIW
