/
RSS Feed
‘Je kinne it famke wol út Dokkum helje, mar Dokkum net út it famke’ is fan tapassing op it ferhaal fan Hittje Leegstra-Joustra (1932-2023). Hittje ferhúze op har 24e mei har man Ruurd nei De Westereen. Dêr waarden trije fan de fjouwer bern berne. Mar Hittje wie bot ûnwennich fan de stêd, dat nei trije jier ferhúzen se wer nei Dokkum – en dêr soe se altyd wenjen bliuwe. Op har 80e gie se nei Dongerahiem, doe hie se yn it libben al hiel wat tsjinslagen meimakke, mar altyd krabbele se wer by de wâl op. Se wie troch alles hinne fleurich en posityf.
#23 It famke út Dokkum